Supporters SCC wer mei de auto

10 feb 2011 - 15:53

Supporters fan SC Cambuur meie moandei mei de auto nei de útwedstriid tsjin Emmen. It is foar it earst sûnt 3 septimber 2010 (Almere City út) dat de supporters net ferplichte wurde om mei in bus te gean.

Om ûngeregeldheden foar te kommen wurdt meastentiids in ferplichte buskomby oplein oan útsupporters. Cambuur wol no per útwedstriid besjen oft dit wol needsaaklik is. De supportersferiening sjocht dit as in beleanning fan goed gedrach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)