Fergees parkearje by stadion

10 feb 2011 - 15:51

Der komt foarearst gjin betelle parkearjen op it stadiongebiet fan It Hearrenfean. Dat seit wethâlder Age Hartsuiker. Der waard ferwachte dat der hieltyd mear gebrûk makke wurde soe fan it terrein, mar dat is net sa.

De kommende tiid is der nei alle gedachten gjin útwreiding fan it Abe Lenstra stadion en fierder stean der ek noch in soad kantoarromten te hier. Sportstad Heerenveen hat dêrom frege om te wachtsjen mei de ynfiering fan it betelle parkearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)