Byb bringt boeken op skoalle

10 feb 2011 - 12:51

De biblioteek bringt tenei boeken op skoalle. It giet om it projekt Bieb-search. Learlingen fan skoalmienskip Sevenwolden op It Hearrenfean, lokaasje Fedde Schurer, hoege har boeken net mear út de byb te heljen.

It projekt fan de biblioteken Súd-Fryslân hat as doel jongeren waarm te meitsjen foar de biblioteek. Sevenwolden is yn Fryslân de earste skoalle dy't meidocht oan it projekt. It giet om in proef dy't twa jier duorret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)