Leon Hese werom by SC Cambuur

Sportklup Cambuur kin freed tsjin Eindhoven wer in berop dwaan op Leon Hese. De ferdigener hie lêst fan in hamstringblessuere, mar is wer fit. Danny Guijt en Bob Schepers trainden tongersdei út foarsoarch apart fan de groep, mar binne ynsetber.
Tongersdei wurdt der ek in beslút naam oer de twa testspilers, Alexander Prent en Diangi Matusiwa. Trainer Alfons Arts sjocht yn beide oanfallers in fersterking, mar der moat noch sjoen wurde wat finansjeel mooglik is.