Wach op brân by Palet

10 feb 2011 - 12:06

Yn trije fersoargingshuzen yn Ljouwert binne 24 oere deis minsken oanwêzich om de brânfeiligens yn 'e gaten te hâlden. It giet om Greunshiem, Parkhove en de Hofwijck. Dizze gebouwen fan Palet foldogge net mear oan de brânfeilichheidseasken.

Yn de rin fan de jierren binne de regels oanskerpe lykas spesjale doarren. Dêr moatte no twa kear safolle fan komme. De ekstra maatregels moatte fan de gemeente Ljouwert nommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)