AFA-demonstraasje Boalsert

09 feb 2011 - 17:15
  • Der wie net folle belangstelling
  • foto's Omrop Fryslân

De AFA, de Anty Fasistyske Aksje Fryslân hat tiisdeitemiddei in lytse demonstraasje hâlden by it Marnekolleezje yn Boalsert, omdat ien fan de dosinten foar de PVV meidocht oan de steateferkiezings.

It giet om ekonomydosint Hiemstra, de nûmer fjouwer fan de Fryske PVV. Fiif minsken stiene yn giele hesjes mei spandoeken by de yngong fan de skoalle. Se krigen net in soad oandacht, mar besochten dêr mei wat leven feroaring yn te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)