KNRM siket minsken by BOOT
De KNRM op Lauwerseach is driuwend op syk nei nije frijwilligers. Sy hoopje op de beurs BOOT Holland, dy't no freed fan start giet, geskikte minsken te finen.
De organisaasje bringt har rêdingsboat Annie Jacoba Visser nei de beurs ta om sollisitaasjepetearen te hâlden. Lauwerseach is benammen op syk nei minsken dy't op wurkdagen ynsetber binne.