CDA twivelriedich oer Galema

Foar de CDA-fraksje yn provinsjale steaten is de situaasje mei harren CDAdeputearre Sjoerd Galema pynlik. Earder waard Galema ek al op de fingers tikke foar gefoelige útspraken dy't hy die as listlûker.
No hat Galema sein dat der nei de weryndieling grûn fan Skarsterlân nei Hearrenfean gean moat. De weryndielingskommisje is lilk oer dy útspraak en hat syn wurk no tydlik dellein. Van der Ham begrypt de reaksje, mar hat ek begryp foar Galema.