Boer net as TV-kok yn aksje

09 feb 2011 - 12:49

Jochem Veenje fan Garyp komt net as kok op de televyzje. Hy soe meidwaan oan it SBS-programma "Komen eten", mar dat programma is per direkt fan it skerm helle. Reden is dat ien fan de kandidaten yn kontakt west hat mei justysje fanwege it hawwen fan berneporno.

Yn it programma siede fjouwer minsken iten foar elkoar en beoardiele elkoars prestaasjes. Foar Veenje hâldt it aventoer op, hy hie syn mei-iters in echt Frysk miel foarsette wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)