Oanfarring boppe Flylân

09 feb 2011 - 10:21

Woansdeitemoarn om healwei sânen hat der 45 kilometer boppe Flylân in oanfarring west tusken in kontenerskip en in fiskersskip. Nei de oanfarring die bliken dat sawol it kontenerskip as it fiskersskip skea hie. Der binne gjin ferwûnen fallen.

It fiskersskip wurdt troch in kustwachtboat nei de haven fan Den Oever brocht. It kontenerskip fart selsstannich troch nei Gothenburg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)