Trije gitaren stellen It Fean

Dit is in Gibson Menace (argyffoto)
Ut in berging fan in hûs oan de Vuurvlinderstrjitte op It Hearrenfean binne yn de nacht fan freed op sneon trije bysûndere en djoere gitaren stellen. Om binnen te kommen waard de doar iepenbrutsen.
It giet om in Gibson Menace, een Epiphone Les Paul Standard en in Fender Squier Strat. Fan de Gibson binne der mar trije yn Nederlân. De plysje ûndersiket de saak.