Grutte brân by Polem De Lemmer

08 feb 2011 - 16:34

Der is op dit stuit in grutte brân by it bedriuw Polem op de Industrywei op De Lemmer. It bedriuw makket silo's en tanks fan glêsfezel.

De korpsen fan ûnder oare De Lemmer, Sint Nyk, It Hearrenfean en De Jouwer binne nei De Lemmer om de brân te bestriden. It yndustrygebiet is troch de plysje ôfsetten en der wurde mjittings dien om te sjen oft der giftige stoffen frijkomme. De brân is op grutte ôfstân te sjen en te rûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)