Fragen oer Skylger befallings

De PvdA yn de Twadde Keamer wol witte oft it mooglik is dat der yn sikehûs MCL yn Ljouwert poppen as Skylger berne wurde kinne. De keamerleden Jacobi en Heijnen ha der fragen oer steld oan minister Donner.
Oanlieding is it beslút dat froulju op Skylge net mear thús befalle meie. Dat soe betsjutte dat der dus gjin nije Skylgers mear berne wurde. Boargemaster Visser fan it eilân hat oppere om in ferloskeamer yn sikehûs MCL út te roppen ta Skylger grûngebiet.