Ferdieling Waadfûns moat oars

08 feb 2011 - 13:59
  • Boargemaster De Hoop (foto: Persbureau Ameland)

De ferdieling fan de sinten fan it Waadfûns moat yn hannen jûn wurde fan it rezjykolleezje Waadsee, mei dêryn de Noardlike provinsjes, de waadeilannen en de kustgemeenten. Dat fynt boargemaster De Hoop fan it Amelân.

It Waadfûns is ynsteld as kompensaasje foar skea troch it boarjen nei gas, mar yntusken driigje de sinten te ferdwinen nei gemeenten fier bûten it waadgebiet. Sa wurdt der praten oer it beteljen fan in nij Thialf iisstadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)