Hierbaas mishannelet hierder

De plysje hat moandeitejûn yn Ljouwert in 37-jierrige man út de stêd oanhâlden, omdat er in man dy't in hûs fan him hierde mishannele en bestellen hie. De twa hiene spul krigen oer it beteljen fan de hier en de hierbaas hie it slachtoffer slein en skopt.
Hy naam ek in laptop en in mobile tillefoan fan it slachtoffer mei. Dy belle fuortendaliks de plysje. De hierbaas hat him dêrnei melden op it plysjeburo, dêr is er fêstset.