Fryske skoallen nei Lagerhuis

07 feb 2011 - 19:28
  • Mear as 200 skoallen dogge mei

Fiif Fryske skoallen sille dit jier meidwaan oan it televyzjeprogramma "Op weg naar het Lagerhuis". Yn dat programma leare learlingen harren stânpunten yn it iepenbiere debat te ferdedigjen. De teams stride tsjinelkoar oan de hân fan stellingen.

De haadpriis is in besite oan it echte Lagerhuis yn Londen. De Fryske dielnimmers komme fan skoallen yn Easterwâlde, Snits, Bûtenpost, De Lemmer en Burgum. Sy stride kommende moandei tsjinelkoar op it provinsjehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)