Tryater werom út Amsterdam

Discopigs
It Fryske teaterselskip Tryater sjocht werom op in súksesfolle wike yn Amsterdam. In wike lang waarden dêr in seistal foarstellings spile yn Theater Bellevue. Dat wiene ûnder oare Arendz' Arends, Diplodocus Deks, Discopigs en Fan De Sted En It Libben. Doel wie om teaterleafhawwers, akteurs, parse en polityk sjen te litten dat ek yn de Fryske taal moaie foarstellings binne.
It is noch net bekend oft Tryater soks faker dwaan sil. Dêr moat earst oer praat wurde.