Benefyt foar Gana: 3000 euro

07 feb 2011 - 15:09

In benefytkonsert foar in weeshûs yn Gana hat sneon yn Ljouwert 3000 euro opsmiten. Mear as twahûndert minsken kamen nei de Blokhúspoarte ta. Mei de donaasjes derby stiet de teller no op in lyts 4000 euro.

It benefytkonsert is organisearre troch twa Fryske studintes. Sylvia Huizinga en Grytsje van der Meer sille foar de stúdzje staazje rinne yn it Afrikaanske lân. As se jild meinimme kin der ek in wetterput komme en kin it gebou opknapt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)