Skarsterlân wol ekskús Galema

07 feb 2011 - 14:51

De gemeente Skarsterlân easket ekskuses fan deputearre Galema. Dy hat op in CDA-gearkomste sein dat dy gemeente gebiet ôfstean moat oan Hearrenfean. Galama hat yntusken syn wurden ynlutsen, mar dat fynt Skarsterlân net genôch.

De útspraak fan Galema giet oer de nije fúzjegemeente De Friese Meren. Dêr soene trije gemeenten yn komme, ûnder oare ek Skarsterlân. In spesjale kommisje fan wizen moat advys útbringe oer de mooglike betingsten fan 'e fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)