Skoallen It Amelân stake

De twa iepenbiere basisskoallen op It Amelân lizze woansdei it wurk del út protest tsjin de nije besunigings fan it ryk. It giet om 't Ienster yn Ballum en De Schakel yn Hollum.
Neffens direkteur Elly Rosema wurdt de kwaliteit fan it ûnderwiis bedrige troch de oankundige nije besunigings. De skoallen kinne gjin nije learkrêften mear oannimme en de klassen wurde grutter. Woansdei is yn Nieuwegein in lanlike manifestaasje tsjin de kabinetsplannen.