Sympoasium oer oaljeramp
Der komt in sympoasium oer de gefolgen fan in oaljeramp op 'e Waadsee en de Noardsee. De gearkomste is op 20 april, in jier nei de oaljeramp yn de Golf fan Meksiko. It sypoasium is yn Den Helder en wurdt mei organisearre troch hegeskoalle NHL yn Ljouwert.
Oan 'e oarder komt de fraach oft Nederlân klear is op in ramp en hoe't yndystry en oerheid dan gearwurkje. It sympoasium is bedoeld foar bedriuwen, beliedsmakkers, ûndersikers en miljeu- en natuerorganisaasjes.