Galema nimt syn wurden werom

07 feb 2011 - 12:11

Deputearre Galema nimt syn útspraken oer de grinskorreksjes fan Skarsterlân werom. Galema hiefreed op in CDA-gearkomste sein dat as Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat fusearje, dat Hearrenfean ekstra grûn krije moat fan Skarsterlân.

De stjoergroep fan de nije fúzjegemeente De Friese Meren hat dêr in lilke brief oer skreaun nei it provinsjebestjoer. Earst moat der in advys komme fan in kommisje fan wizen. Galema lûkt syn útspraken no yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)