Stedsfyts út de automatyk

07 feb 2011 - 11:51

De gemeente Ljouwert komt mei in nij middel yn de striid tsjin de files. Wa't mei de auto fan bûten Ljouwert komt, kin by Goutum parkeare, dêr in fyts út in automatyk helje en dêrmei it sintrum yn. Op de weromreis moat de fyts dan weromset wurde.

Foar de fytsautomatyk is in spesjaal abonnemint mei in paske nedich. Der sitte fyftich fytsen yn de automatyk by Goutum. Foar sawat de helte is in paske ôfjûn. De fytsautomatyk gie moandei offisjeel yn gebrûk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)