1200 besikers foar konserten

07 feb 2011 - 06:53

De grutte hafabra-konserten Súdwest-Fryslân hawwe sneontejûn 1200 besikers lutsen. De konserten waarden op trije plakken tagelyk holden: yn sporthallen yn Warkum, Snits en Makkum. Der diene mei elkoar 635 muzikanten fan 30 muzykferienings oan mei.

De konserten wiene bedoeld as ôfskied fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Boalsert en Nijefurd en as wolkom oan de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)