Wenboat yn Snits baarnt út

07 feb 2011 - 06:51
  • Der wie foar de brânwacht gjin hâlden oan (foto: Jaring Rispens/Stjoerder.nl)

In wenboat oan de Selfhelpwei yn Snits is sneintejûn troch in brân folslein fernield. It fjoer is nei alle gedachten yn de skoarstien ûntstien. Al gau stie de hiele boat yn 'e brân. De brânwacht koe net foarkomme dat de wenboat útbaarnde.

De wenboaten oan wjerskanten fan it troffen skip waarden tydlik ûntromme. Ek in oantal bewenners fan it wenweinkamp derfoaroer gie harren hûs út, omdat de reek harren kant útkaam. Net ien rekke ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)