Cambuur wint yn Rotterdam

06 feb 2011 - 16:49

Sportklup Cambuur hat snein yn Rotterdam Sparta mei 3-1 oan de kant setten. De Ljouwerters wiene de baas op it Kasteel, ek al troch in betide reade kaart fan Sparta-keeper Oscar Moens. Hy makke hands bûten it strafskopgebiet. Oguzhan Türk fersulvere dêrnei de frije traap.

Nei it skoft brocht Reza Ghoochannejhad de marzje op trije. Joey Godee rêde foar Sparta de ear. It wie foar Cambuur de earste útoerwinning sûnt septimber 2010.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)