Man mei pistoal oppakt

De plysje hat sneontemoarn in 32-jierrige Ljouwerter yn syn wenplak oanholden foar mishanneling en it by him hawwen fan in pistoal. Earder dy nacht die in 28-jierrige man út Ljouwert oanjefte fan mishanneling troch twa mannen. Ien fan harren hie him dêrby mei in pistoal op 'e holle slein.
It slachtoffer en in tsjûge joegen in dúdlik sinjalemint fan de man mei it wapen. De plysje koe de fertochte thús oanhâlde. Hy is ynsletten foar ûndersyk.