Plysje rêdt man út wetter

Op It Hearrenfan hat de plysje sneintemoarn in 40-jierrige man út Hengelo út it wetter helle. Op de Nieuwstraat seagen plysjes twa mannen op 'e búk by it wetter lizzen. Sy holden de man yn it wetter mei de holle boppe wetter.
De plysjes makken fan in sleepkabel in soarte fan swimfest dêr't se de man mei út it wetter lûke koene. It slachtoffer is mei ûnderskuollingsferskynsels mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.