Brievebuspisser oppakt
In 37-jierrige Hearrenfeanster is sneontenacht yn syn wenplak oanholden foar fernielings. In 40-jierrige frou hie de plysje belle doe't se seach dat de man de ruten fan har bedriuw oan de Minckelerstrjitte mei saus besmarde en troch de brievebus pisse.
De man en de frou koene elkoar. De fertochte koe yn syn hûs oppakt wurde. Hy is op it plysjeburo ynsletten.