NEC-supporters op 'e fûst

De plysje hat sneon sawol foar as nei de wedstriid Hearrenfean-NEC de ME en plysjehûnen ynset om de groepen supporters útelkoar te hâlden. Fanwege de frije ferfiersregeling by dizze wedstriid koe in groep fan sawat 80 NEC-supporters al betiid it sintrum fan Hearrenfean ynlûke. Letter waarden dat 130 doe't ek de treinsupporters derby kamen.
De supporters fan NEC en Hearrenfean sochten geregeld de konfrontaasje. Twa NEC-supporters waarden oanholden.