Flyers winne fan Nijmegen

(foto: Martin de Jong)
De iishockeyers fan de A6.NL Flyers ha de achtste oerwinning op rige helle. Op it eigen iis waard Nijmegen, in direkte konkurrint foar it tredde plak, mei 2-1 ferslein. Alle doelpunten foelen yn de twadde perioade. Foar de Flyers wiene Jamie Visser en Andrey Levitin de skutters.
De Flyers stean no tredde mei 44 punten út 23 wedstriden. Se ha twa punten mear as Nijmegen, dy't ek noch in wedstriid mear spile hat.