Earste peal foar nije tsjerke

Op It Hearrenfean is snein de earste peal slein foar de nije protestantske tsjerke oan de Europaleane. De protestantske gemeente Hearrenfean Sintrum hat trije gebouwen yn besit. Dat binne de Europalaan-tsjerke, de Kruistsjerke en de tsjerke oan de Fok.
Dy twa lêsten wurde ferkocht. Op it plak fan de Europalaan-tsjerke wurdt in nije tsjerke boud mei in sealesintrum. De nije tsjerke biedt plak oan 800 minsken. De bou moat yn 2012 klear wêze.