Damkomby Fryslân promovearret

05 feb 2011 - 18:08

De damkombinaasje Fryslân is sneon promovearre nei de eareklasse, de heechste damklasse yn ús lân. Troch in 13-7 oerwinning op WSDV Wageningen koe yn Wânswert it feest fierd wurde. Sân partijen einigen yn remize. Gerlof Kolk, Teake Kooistra en Douwe Edelenbos wûnen har partij foar de damkombinaasje.

Ferline jier degradearren de Fryske dammers noch. Dit seizoen giet it geweldich, ek al moat der noch in kompetysjewedstriid spile wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)