ONS Snits wint fan SVZW

ONS Snits hat in prima 3-1 oerwinning boekt tsjin SVZW út Wierden. Op it Sudersportpark yn Snits kaam de ploech fan trainer Jan Vlap wol mei 1-0 efter. ONS-keeper Ale Geert de Vries liet yn de 18e minút troch de hurde wyn de bal los. Martijn Roosenburg makke letter yn de earste helte de lykmakker.
Snitser Cutrick Gonzales skoarde noch twa kear, sadat ONS yn de subtop fan de sneonshaadklasse C bliuwt.