Manlju mei kokaïne oanhâlden

De plysje hat freedtejûn yn Frjentsjer twa manlju oanholden foar de hannel yn harddrugs. It giet om in 22-jierrige ynwenner fan Frjentsjer en in man fan 26 jier út Dronryp. De plysje sette de manlju mei harren auto oan de kant omdat se harren fertocht gedroegen.
Se hiene hast 13 gram kokaïne by harren. De drugs binne yn beslach naam. De manlju sitte fêst op it plysjeburo.