Jorritsma lottet trije doarpen

05 feb 2011 - 13:48

Aldeholtpea, Kollum en Aldeboarn binne wis fan dielname oan it nije Omrop Fryslân tv-programma Doch it foar dyn Doarp. Yn it programma jout de Omrop fiif kear in heal oere rjochtstreekse stjoertiid op televyzje fuort oan 13 doarpen yn Fryslân.

De earste trije doarpen waarden sneon troch kommissaris John Jorritsma lotte út in steapel fan 46 doarpen dy't harren opjûn hawwe. Doch it foar dyn doarp begjint op 5 april yn Aldeholtpea yn Weststellingwerf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)