'JSF-testtastel nei Ljouwert'

05 feb 2011 - 13:37

De ûnrêst oer de mooglike komst fan de JSF kin allinnich mar fuortnaam wurde as der in testtastel nei Ljouwert komt. Dat foarstel docht kommandant fan de fleanbasis Dennis Luyt yn de dokumintêre oer de fleanbasis dy't Omrop Fryslân snein útstjoere sil.

Benammen de te ferwachtsjen lûdsoerlêst soarget foar in soad argewaasje yn de omlizzende doarpen. Yn it ferline is der ferskate kearen ûndersyk dien nei it lûdsnivo fan it nije fleantúch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)