Amsterdammer te hurd op A7
In 47-jierrige Amsterdammer hat freedtemiddei op de A7 by Koarnwert syn rydbewiis ynleverje moatten. De plysje seach dat de man twa auto's rjochts ynhelle. Hy ried dêrby mei in snelheid fan 169 kilometer yn de oere, wylst 120 dêr it maksimum is.
Foar it rjochts ynheljen en de snelheid waard in bekeuring útskreaun.