Ferwûnen by Aldskoat

By in ûngelok op de Annebuorren yn Aldskoat binne freed twa minsken ferwûne rekke. In 53-jierrige man fan It Hearrenfean ried fan it carpoolplak de dyk op en botste op de auto fan in 39-jierrige man út Wergea. Troch de klap bedarre de auto fan de Feanster yn de sleat, de auto fan de oare bestjoerder tsjin in lantearnepeal.
De automobilist út It Hearrenfean en syn 46-jierrige passazjier út Ketlik rekken ferwûne en moasten mei de ambulânse nei it sikehûs.