Flylân wint Waddengoud

04 feb 2011 - 21:51

De Vlielandse Cranberry Company hat it saneamde Waddengoud wûn. De priis, feitlik in sertifikaat, is bedoeld foar streekprodukten dy't yn it Waadgebiey duorsum produsearre wurde.

It is foar de eigner fan de Company fierder it bewiis dat net allinnich op Skylge cranberrys ferwurke wurde kinne. It is foar it earst dat in Flylanner bedriuw Waddengoud wint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)