Gastspilers by Cambuur

04 feb 2011 - 14:17

De fuotballers Alexander Prent en Diangi Matusiwa hawwe freedtemoarn meitraind mei de Cambuurseleksje. Beide spilers hawwe op dit stuit gjin klup. Prent hat yn Nederlân spile foar NEC, TOP Oss en yn Sweden foar Halmstads BK. Matusiwa hat betelle fuotbal spile foar Omniworld en Den Bosch en op Syprus.

Takom wike krijt de trainingsstaazje in ferfolch. Mar it is noch net safier dat der al praat wurdt oer in kontrakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)