Stroetinga gjin favoryt 200 km

04 feb 2011 - 13:41

Maratonreedrider Arjan Stroetinga die ôfrûne woansdei op de Weissensee net mei oan it iepen Nederlânsk kampioenskip oer 100 kilometer. De Waskemarder wie siik. Sneontemoarn om acht oere begjint op de mar yn Eastenryk de alternative alvestêdetocht. Stroetinga tinkt dat er dan wol meidwaan kin.

Twa fan syn ploechmaten by BAM-Univé, Jorrit Bergsma en Bob de Vries, dogge net mei. De beide reedriders riede har ta op de wrâldbeker yn Salt Lake City.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)