Krystpakket fan fakbûn

Wurknimmers fan transportbedriuw Broersma op It Hearrenfean krije freed in krystpakket fan fakbûn CNV Vakmensen. Oanlieding is in brief dy't it personiel ein ferline jier krige fan memmebedriuw Bakker Logistiek. Dêr stie yn dat se de smoarge wask te bot bûtendoar hingje en dat der tefolle siikmeldingen en skeagefallen binne. Om in sinjaal ôf te jaan krigen de wurknimmers dêrom gjin krystpakket.
It CNV fynt dat gjin goede gong fan saken, sadwaande de ludike aksje.