Brânstichters Heech oanhâlden
Twa jonges fan 14 jier út Snits, in 13-jierrige Burgumer en in 13-jierrige jonge út Heech binne ferantwurdelik foar in brân yn Heech. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje.
Yn de nacht fan 15 op 16 jannewaris krige in 79-jierrige ynwenster fan Heech fjoerwurk troch de brievebus. Dêrtroch ûntstie brân. Dat soarge foar skea oan de foardoar, in gordyn en de fitraazje. De bewenster koe it fjoer sels útmeitsje. Nei tsjûge-oproppen en buertûndersyk binne de jonges oppakt.