Assaidi oproppen foar Marokko

04 feb 2011 - 10:29
  • Oussama Assaidi

SC Hearrenfean-oanfaller Oussama Assaidi hat fan bûnscoach Eric Gerets in útnoeging krigen foar it nasjonale alvetal fan Marokko. Op woansdei 9 febrewaris spilet dy ploech de oefenwedstriid tsjin Niger. Assaidi waard yn novimber ferline jier ek al ris oproppen om foar syn heitelân út te kommen, mar moast doe fanwege in blessuere ôfsizze.

Oussama Assaidi is mei seis doelpunten en acht assists dwaande mei in goed seizoen by SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)