Flugge bus op Sintrale As

De noch oan te lizzen Sintrale As kin brûkt wurde foar in flugge ferbining fan it iepenbier ferfier tusken Drachten en Dokkum. Dat sei listlûker Piet Adema fan de ChristenUnie tongersdeitejûn op in ferkiezingsjûn fan syn partij.
Neffens Adema duorret de reis fan 30 kilometer fan Dokkum nei Drachten mei de bus no noch in oere en in kertier. As de Sintrale As der ien kear leit, kin dat werombrocht wurde nei in heal oere.