Stazjêrs loftmacht nei Snits

Ferpleechkundigen fan de loftmacht kinne tenei staazje rinne yn it Antonius sikehûs yn Snits. De stazjêrs kinne meirinne op de ôfdielings sjirurgy en deiferpleging.
Op dizze manier kinne se ûnderfining opdwaan en de saneamde BIG-registraasje hâlde. Dizze registraasje jout oan hokker foech in ferpleechkundige hat. It sikehûs wurket al langer gear mei de marine.