Tal skriezen no wer stabyl

03 feb 2011 - 15:09

It giet wer wat better mei de skries yn it Fryske greidelân. Nei jierren fan delgong is de populaasje no wer stabyl. Op guon plakken is sels in lytse foarútgong te sjen. Dat waard tongersdei bekend op in sympoasium yn Earnewâld oer greidefûgelbehear. Dêr wiene likernôch 300 fûgeltsjeminsken, frijwilligers en professionals.

De Sulveren Skries foar goed wurk foar de greidefûgels waard dêr ek úrikt. Hy wie foar natuerbehearders fan 'e Skalsumer Sompe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)