Steatsrie: ûndersykje sûpketen

03 feb 2011 - 13:41

De gemeente Súdwest-Fryslân moat ûndersykje oft yn 'e jongereinketen yn de eardere gemeente Wymbritseradiel betelle wurdt foar drank. Dat wol de Ried fan Steat. De gemeente hat ferbean dat jongeren betelje foar drank om't soks yn striid is mei de wet. Wol mei ien fan de jongeren bier meinimme en syn maten traktearje.

Keninklike Hoareka Nederlân hat de saak oanspand tsjin de keten fanwege ûnearlike konkurrinsje. It ûndersyk moat oer uterlik sân wiken klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)