Utspraak oer sûpkeet útlekt

03 feb 2011 - 13:11

Op 'e webside fan de Ried fan Steat stean no al útspraken fan takom wike. Sa soe in útspraak oer de jeugdketen fan Wymbritseradiel woansdei pas iepenbier wurde. No't dúdlik is dat de útspraak no al te sjen is, jout de Steatsrie him ek mar frij. De nije útspraken ferskynden as minsken thús de koade fan âlde útspraken feroaren. It heechste rjochtsorgaan fan Nederlân is net bliid mei de gong fan saken. It probleem hat him al earder foardien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)